Gjin ferlet noardlike oerheid

08 apr 2010 - 12:15
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

Friezen hawwe folle minder ferlet fan in fúzje tusken de noardelike trije provinsjes as de ynwenners fan Grinslân en Drinte. Dat is de útkomst fan in peiling ûnder de befolking dy't Maurice de Hond dien hat yn opdracht fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noard.

Ut it ûndersyk docht bliken dat 39% fan de Friezen foar ien grutte noardelike provinsje is, 8% wit it net en 52% is tsjin. Yn Grinslân en Drinte is 60% foar ien noardlike provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)