Provinsjes: rykstaken oernimme

08 apr 2010 - 11:00

Der kin foar miljoenen euro's besparre wurde, at de noardelike trije provinsjes bepaalde behearstaken fan it ryk en de wetterskippen oernimme sille. Dat skriuwe de provinsjale bestjoeren fan Fryslân, Grinslân en Drinte yn in brief oan de minister fan Ynlânske Saken.

De provinsjes wolle mear sizzenskip krije oer de regionale diken, it wetterbehear en it lânskip. Dat besparret neffens de provinsjes dûbel burowurk en oerlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)