SWH-bestjoerders net ferfolge

De bestjoerders fan de fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke wurde net ferfolge. De aksjegroep 'Fan ûnderen op' woe dat omdat sy fine dat de bestjoerders meineed pleegd ha. It Iepenbier Ministearje fynt it in bestjoerlike saak en lûkt dêrom de hannen der ôf.
De aksjegroep set no útein mei in saneamde 'beklagsprocedure' by it Gerjochtshôf yn Ljouwert. De hope is dat it Hôf it Iepenbier Ministearje dan de ynstruksje jout om dochs ta ferfolging oer te gean.