Tw. Keamer foar weryndieling

07 apr 2010 - 21:00

In mearderheid fan de Twadde Keamer liket yn te stimmen mei de weryndieling fan de Súdwesthoeke. PvdA, CDA, de ChristenUnie en de VVD ha wol betinkings by de gong fan saken mar stypje it útstel dochs. Der kaam wol in soad krityk op de rol fan de provinsje. Dy hie him der mear mei bemuoie moatten fine de Keamerleden.

In moasje fan GrienLinks om Wûnseradiel en Nijefurd net mei te nimmen yn de nije gemeente, hellet it net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)