Nominaasje Fryske reklamepriis

Nije wike wurde de Fryske reklameprizen útrikt
Der binne tsien Frysktalige reklamespots nominearre foar de Fryske reklamepriis fan 2010. Mei-inoar wiene der 124 ynstjoerings foar de reklamepriis, in pear mear as ferline jier.
In ûnôfhinklike sjuery sil bepale hokker reklame úteinlik winne sil. Dêrby wurdt sjoen nei hoe't it boadskip oerbrocht wurdt, nei de technyk en de kwaliteit fan it Frysk. De priis bestiet út in jildbedrach en in byld fan Grutte Pier.