Man mei skootmobyl te wetter

(foto: Anton Kappers)
By Stiens is woansdei in man mei in skootmobyl it wetter ynriden. Skoalbern dy't by de Slachtedyk ûnder Stiens fytsten, seagen him lizzen. De man hie doe al mear as trije kertier yn it wetter lein. De bern hawwe de helptsjinsten warskôge.
De man is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht en in boer út de buert hat de skootmobyl út it wetter helle. It is net bekend hoe't de man yn it wetter rekke.