Fertochte Frjentsjer ûntkent

De frou dy't fertocht wurdt fan moard of deaslach op Pytsje_Bouma út Frjentsjer ûntkent alle belutsenheid. Dat meldt justysje. It giet om de 47-jierrige skoandochter fan it slachtoffer. Sy waard freed oanhâlden. Tongersdei wurdt se foarlaat by de rjochter-kommissaris. Dy bepaalt oft se langer fêstsitten bliuwt.
Pytsje Bouma waard op 13 maart dea fûn yn har flat yn Frjentsjer. Se wie mei messtekken om it libben brocht.