Plezierjacht yn eigen fargeul

Twa nije rekreaasjegeulen yn de Grutte Brekken by De Lemmer moatte de rekreaasjefeart en de beropsfeart skiede. Dêrfoar lûkt de provinsje in lytse 700.000 euro út. De drokte op de mar liedt geregeld ta ûnfeilige situaasjes op 'e mar.
Deselde oplossing wurdt ek al brûkt op de Kûfurdermar. Skippersferiening Schuttevaer is bliid mei de nije rekreaasjefargeulen, mar is der net wis fan dat it genôch helpt. Der moat goede foarljochting komme.