Jeeps ride befrijdingsrûte

Yn Ljouwert ride woansdei âlde oarlochsweinen nei Delden yn Oerisel. Se ride de rûte fan de Kanadezen doe't dy ús lân befrijden fan de Dútsers.
Yn kolonne binne de 15 ferskate weinen om 9 oere moarns begûn te riden. Se ride nei Delden om't dat it plak is dêr't de Kanadezen 65 jier lyn weikamen om it Noarden te befrijen. Yn de kolonne ride motoaren, jeeps en in transporter mei in tank achterop mei. Snein komt de stoet wer yn Ljouwert oan.