Middel tydlik út it wurk

Boargemaster Bert_Middel fan Smellingerlân sit de kommende wiken siik thús. Hy wurdt 11 april yn it Academisch Medisch Centrum yn Amsterdam holpen oan hertritmestoarnissen. Nei de yngreep hat er in pear wiken rêst nedich.
Middel sil 11 maaie wer oan it wurk. Wol sil er sa no en dan represintative taken útfiere. Loko-boargemaster Cees Kuipers nimt it wurk oant dy tiid fan Middel oer.