Garyp wol doarpstrjitte

07 apr 2010 - 06:33

Garyp hat de doarpsfyzje klear. Ien fan de plannen is dat de N319 by it doarp omboud wurde moat ta in doarpstrjitte mei klinkers. Dit kin omdat der oer in pear jier folle minder ferkear oer de dyk komt fanwege de Sintrale As. De doarpsfyzje fan Garyp makket ûnderdiel út fan it projekt 'Kansen en Kernen' dat ek foar doarpen yn Dantumadiel jildt.

Troch de komst fan de Sintrale As moatte tal fan diken by seis doarpen opnij ynrjochte wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)