Taaltoets foar pjutten

Fryske pjutten ek oan de taaltoets?
Bern fan trije moatte aanst ferplicht in taaltoets dwaan. Dat wol alteast de VVD yn Den Haach, stiet yn it ferkiezingsprogramma fan de partij. Pjutten dy't it Nederlânsk dan net goed behearskje, krije byles.
De fraach ûntstiet oft der dan ek in Nederlânske taaltoets foar Frysktalige pjutten komme moat. Liedsters op pjutteboartersplakken sjogge dat noch net sa sitten. It is ek noch mar de fraach oft it foarstel fan de VVD oannommen wurde sil.