'Bettere ynformaasje fysio's'

06 apr 2010 - 16:59

Fysioterapeuten moatte pasjinten better ynformearje oer de behanneling. Dat docht bliken út ûndersyk fan Zorgbelang Fryslân yn opdracht fan fysioterapygenoatskap Het Noorden. Bliken docht dat pasjinten ek minder faak wolle dat de behanneling ûnderbrutsen wurdt, bygelyks om't in terapeut de tillefoan opnimme moat.

Mar dochs jout hast de helte fan 'e goed 100 dielnimmers oan it ûndersyk in acht foar de behanneling fan 'e fysioterapeuten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)