Kamerabewaking yn park

06 apr 2010 - 16:55

Yn it park by it earder psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer komme kamera's te hingjen. By de kassen fan de GGZ-grienfoarsjenning wurde hast alle wiken ruten ynsmiten. Ferline simmer sneuvelen der suver alle wiken wol in pear. It bankje by it bisteparkje wurdt ek hieltyd stikkenmakke.

Neffens de GGZ binne drinkende en blowende jongeren de dieders. It parkje by Lankum is populêr by omwenners. Kamera's moatte de fernielers ôfskrikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)