Frachtauto oerrydt sjauffeur

06 apr 2010 - 13:45

In 71-jierrige frachtautosjauffeur fan Gytsjerk is tiisdei yn Den Ham yn Oerisel om it libben kaam.

De man wie oan it laden en lossen doe't syn frachtweinkombinaasje begûn te rôljen. De sjauffeur bedarre ûnder de tsjillen fan 'e truck. Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. Hoe't it koe dat de wein begûn te riden, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)