Bou studintekeamers ûndúdlik

De kampus komt ûnder oare by de fernijde NHL (foto: Omrop Fryslân)
Oer twa wike wurdt dúdlik hoe't it mei de bou fan 240 studintekeamers by de twa hegeskoallen yn Ljouwert komt. WoonFriesland hat him weromlutsen fanwege jildkrapte. De gemeente Ljouwert hat de wenningkorporaasje frege mei in oplossing te kommen om de wenten dochs te bouwen.
Der binne fierders petearen mei twa ynvestearders. Dy joegen oan de huzen ek wol bouwe te wollen. De gemeente wol lykwols it leafste mei WoonFriesland yn see.