De Jong twadde yn Balkbrug

05 apr 2010 - 18:24

Jannick de Jong wûn moandei alle searjes by de gersbaanraces yn Balkbrug en hy wie de grutte favoryt yn de finale. Troch in net al te bêste start yn de finale kaam er achter de Dútser Matthias Kröger te sitten. Wat Jannick ek besocht, hy kaam der net lâns. Kröger wûn dan ek mei in tsjillingte foarsprong.

Fries-om-utens Dirk Fabriek waard tredde.Yn de searje mei alle Nederlanners yn de baan waard Jannick ek earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)