Moardfertochte bliuwt yn sel

De frou waard yn har appartemint yn dit kompleks om it libben brocht
De frou dy't fêstsit foar de moard op Pytsje Bouma yn Frjentsjer bliuwt yn alle gefallen noch trije dagen yn foararrest. Dat hat justysje op peaskemoandei bekendmakke. Tongersdei wurdt bekend oft se noch langer fêsthâlden bliuwe moat.
Pytsje Bouma waard healwei maart fermoarde yn har flat yn Frjentsjer. Se is mei messtekken om it libben brocht. Freed waard in fertochte frou fan 47 jier oanhâlden. De plysje docht fierder gjin meidielings oer de saak.