Frou oppakt foar brânstifting

05 apr 2010 - 14:30

In 58-jierrige bewenster fan in wente oan de Klipperstrjitte yn Makkum is oanholden op fertinking fan brânstifting. De brânwacht moast ôfrûne sneon komme foar in brân yn it hok fan 'e wenning fan 'e frou.

De oarsaak fan de brân wie net dúdlik, mar út ûndersyk hat bliken dien dat de brân mooglik oanstutsen is troch de bewenster. De frou ferkearde op it momint fan de brân ûnder ynfloed fan alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)