2300 hûnen yn WTC Expo

05 apr 2010 - 11:54

Der dogge hieltyd mear lannen mei oan de hûnesjo yn Ljouwert. Elk jier wurdt tradysjegetrou op peaskemoandei in ynternasjonale rashûnetentoanstelling hâlden yn it WTC Expo yn Ljouwert, dit jier alwer foar de 43e kear. Dit jier dogge der sa'n 2300 hûnen mei út 23 ferskillende lannen.

Ferline jier wiene 17 lannen oanwêzich op de hûnesjo. Foarsitter Hof tinkt dat de ekstra drokte komt omdat takom jier de Eurodogshow, in soarte fan EK foar hûnen, yn Ljouwert hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)