Nyk de Vries nei Poetry Int.

Nyk de Vries (foto: Reyer Boxem)
De Fryske skriuwer en muzikant Nyk de Vries is útnoege foar it 41e Poetry International Festival. It jierlikse festival fynt plak yn de Rotterdamske Schouwburg, dêr't fan 11 oant 18 juny 24 dichters en skriuwers fan oer de hiele wrâld foardrage sille.
Ien fan de tema's is de grins tusken poëzy en proaza. Nyk de Vries is bekend fan syn proazagedichten, ultrakoarte absurde ferhalen dy't sammele binne yn de bondel Motorman & 39 oare proazagedichten.