Peaskefjoer lûkt soad folk

04 apr 2010 - 22:30

Elslo wie sneintejûn lykas altyd wer it toaniel foar in grut peaskefjoer. Op it lân fan boer Henk Eggen waard dit kear in 15 meter hege bulte mei houtôffal yn de brân stutsen. Fanwege de rein moast it fjoer mei benzine en disel op gong brocht wurde.

Hûnderten minsken wiene op it barren ôfkommen. Yn Elslo wurdt al sa'n tritich jier it peaskefjoer ûntstutsen. Op oare plakken yn Noard- en East-Nederlân jildt deselde tradysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)