Westra yn peloton yn België

04 apr 2010 - 17:26

Fabian Cancellara hat snein de Ronde fan Flaanderen wûn. De Switser ried de lêste 15 kilometer allinne en liet dêrmei de Belch Tom Boonen achter. Boonen waard twad en tred waard Gilbert, ek út België.

Lieuwe Westra fan Mûnein ried de 261.5 kilometer ek út. Hy wie goed, mar neffens eigen sizzen net goed genôch om derby te wêzen op mominten dat it moast. Hy einige as 93e, op 13 minút 20 fan de winner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)