Mear pleechgesinnen nedich

04 apr 2010 - 15:32

De proseduere om in pleechgesin te finen moat yn de takomst flugger. Dat fynt Jeugdhelp Fryslân. De ynstânsje lûkt no noch hast in jier út foar de screening fan mooglike pleechâlden. Dat moat werombrocht wurde nei trije moannen. Doel is dat pleechbern earder yn in gesin opnommen wurde kinne. Der is grut ferlet fan geskikte gesinnen.

Troch de koartere screeningsproseduere hopet Jeugdhelp Fryslân mear pleechgesinnen te krijen. Heal april begjint de nije, rappere screening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)