Winst foar Snits Wyt Swart

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat sneon in belangrike oerwinning helle. De ploech wûn mei 3-2 fan Achilles '29 út Groesbeek. Binnen 15 minuten stiene de Snitsers mei 2-0 achter. Flak foar skoft waard it 2-1 troch in doelpunt fan Elwin Kloosterman. Yn de twadde helte gong Snits op syk nei de lykmakker en dy foel yn de 65e minút.
Troch in fout fan de doelman fan Achilles sette Kassim Bizimana de 2-2 op it skoareboerd. Yn de 84e minút makke Wybren Visser de winnende treffer.