Trije ferwûnen by ûngelok

04 apr 2010 - 09:56

Trije minsken binne sneontemoarn betiid ferwûne rekke by in ûngelok op de A32 by Idaerd. De auto dêr't se yn sieten, rekke fan de dyk en sloech oer de kop. De auto bedarre yn 'e sleat. Doe't de plysje der oan kaam, sieten twa manlju en in frou yn de berm. Se wiene ferwûne en moasten nei it sikehûs.

Tsjin de plysje seine se dat sy de auto net bestjoerd hiene. De bestjoerder waard net mear oantroffen. De plysje sil him opsykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)