Lemster slacht om him hinne

04 apr 2010 - 09:51

De plysje hat freedtenacht in 17-jierrige Lemster oanholden foar mishanneling. De jonge hie yn in hoarekasaak op 'e Lemmer twa oare Lemsters fan 17 jier yn elkoar slein. Ien fan syn slachtoffers hie er mei in glês bewurke.

Beide slachtoffers rekken sa slim ferwûne dat se mei de ambulânse nei it sikehûs moasten. De fertochte hat himsels melden op it plysjeburo. Dêr is er fêst set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)