Hearrenfean pakt Sparta yn

03 apr 2010 - 23:42

SC_Hearrenfean hat wer ris in goed resultaat delset troch mei 4-1 fan Sparta te winnen. Nei de betide en moaie 1-0 fan Hernan_Losada en de reade kaart fan Michael_Dingsdag, kearde keeper Henk Timmer de strafskop fan Joshua John. Mei tsien man bleaune de Feansters de bettere ploech. By it skoft wie it 3-0: pennel fan Sibon en in prachtgoal fan Roy_Beerens. Keeper Timmer moast ien kear belies jaan op in ynset fan Erik_Falkenburg. Losada makke mei in sublime goal de 4-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)