Minne steigers troch natueriis

(foto: Omrop Fryslân)
De strange winter mei natueriis jaget De Marrekrite op kosten. Op ferskate plakken yn de provinsje hawe steigers skea oprûn troch it kruiende iis. Op guon plakken kin foarearst net mear oanlein wurde. Sa binne twa steigers by it eilân De Tsjûkepôle op de Tsjûkemar bot skansearre. De skea fan ien dêrfan wurdt rûsd op 30.000 oant 50.000 euro.
De Marrekrite hopet de steigers foar 1 july reparearre te hawwen.