Oanhâlding moard Frjentsjer

03 apr 2010 - 10:06

Der is freed in 47-jierrige frou oanholden yn de saak op de moard fan Pietsje Bouma út Frjentsjer. De frou wurdt fertocht fan belutsenheid by de moard. Yn it belang fan it ûndersyk docht it iepenbier ministearje gjin fierdere meidielings.

Pietsje Bouma waard healwei maart dea fûn yn har wenning yn de serviceflat Froonacker yn Frjentsjer. Ut seksje is dúdlik wurden dat se mei meardere messtekken om it libben brocht is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)