Gjin ferset by romjen geiten

03 apr 2010 - 09:14
  • It besmette bedriuw yn Oerterp
  • De geiten wurde registrearre

De drachtige geiten fan it mei Q-koarts besmette melkgeitebedriuw yn Oerterp wurde yn de rin fan sneontemiddei romme. De bisten moatte earst noch registrearre wurde. De besmetting waard woansdei fêststeld. De geiten binne fan in boer út Hoogersmilde.

De boer woe yn earste ynstânsje noch ferset biede om foar elkoar te krijen dat de geiten pas nei de peaskedagen romme wurde, mar hat dêr no dochs fan ôfsjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)