'Provinsje mis mei beammekap'

02 apr 2010 - 19:39

De steatefraksje fan GrienLinks set grutte fraachtekens by it roaien fan in tal beammen yn Boalsert troch de provinsje. Dy beammen binne roaid fanwege oerlêst fan de roeken dy't yn dy beammen nêsten hiene. Neffens in meiwurker fan de SOVON gie it lykwols mar om 20 nije nêsten, dy't gjin oerlêst joegen.

De roeken binne no útwykt nei beammen oan de Skoalstrjitte en de Twibaksdyk, dêr't se nei alle gedachten wol foar oerlêst soargje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)