Fertochte yn saak Burgum frij

De fertochte is frijlitten
De fertochte yn de saak fan de dea fan de 57-jierrige Femmy de Leeuw fan Burgum is freed frijlitten, mar hy bliuwt fertochte yn de saak. Op 19 maart is de frou dea yn har wenning oan De Yp yn Burgum fûn. De fertochte wie der by, mar wol net fertelle wat der bard is.
Wat de krekte deadsoarsaak fan de frou wol is, is noch net bekend. De ferwûnings kinne geweld as oarsaak hawwe, mar kinne ek komme troch in ûngelokkige fal.