Bedriging wie 1 aprilgrap

© Omrop Fryslân
De bedriging fan in 17-jierrige krantejonge yn Drachten, blykt in 1 aprilgrap te wêzen. Doe't de jonge syn lêste krante besoarge, kaam der ynienen in man mei in bivakmûts op út de boskjes. Der skrok er sa fan dat er begûn te razen en útnaaide.
Nei't de plysje in tsjûge-oprop dien hie en it foarfal yn de media kaam, melden de freonen fan de jonge harren by de plysje. It foarfal wie as grap bedoeld om de jonge skrikke te litten.