Subsydzje Wâldboeren bliuwt

Deputearre Hans Konst
Boeren yn it gebiet hâlde rjocht op jild foar it behâld fan it nasjonaal lânskip De Noardlike Fryske Wâlden. Se hawwe rjocht op kompinsaasje om't troch de houtwâlen en elzesingels yn it lânskip it ûnderhâld dreech is. De regeling stie in skoft lang faai. It Ministearje fan lânbou wegere der subsydzje by te dwaan.
No't se dat al tasein hat, kin it nasjonale lânskip folle better beskerme wurde. De provinsje fiert it belied út foar it ministearje.