Brief oer Q-koarts komt noch

02 apr 2010 - 16:08

Omwenners fan it besmette melkgeitebedriuw yn Oerterp krije sneon in brief fan it ministearje fan LNV. Dêryn stiet in útlis oer de Q-koarts en de gefolgen dêrfan. Dat it sa lang duorret, leit neffens de VWA oan it feit dat der fiif nije besmettingsgefallen wiene en der hûndertûzenen brieven fuort moasten.

De VWA set freedtejûn of sneontemoarn in warskôgingsboerd by it bedriuw yn Oerterp del. Sneontemoarn wurde de drachtige geiten dêr deade en ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)