Snoeihoutstook: mooglik priis

02 apr 2010 - 15:43
  • Lyndenstein leit yn 'e bosken (foto: Omrop Fryslân)

It ferwaarmingssysteem fan Lyndenstein yn Beetstersweach makket kâns op in priis. It giet om de P-NUTS-Award foar projekten dy't duorsume enerzjy brûke.

It revalidaasjesintrum en de skoalle fan Lyndenstein wurde ferwaarme troch de waarmte fan it stoken fan snoeihout út 'e beamwâlen yn 'e omkriten. Dat skeelt net allinnich in hiel ein yn de gasrekken, mar soarget ek foar in folle legere útstjit fan CO2 en dat is goed foar it miljeu. Op 14 april wurdt de winner bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)