2009 goed jier foar toerisme

De toeristyske sektor hat ferline jier goed draaid. Dat seit promoasjeburo Marketing Friesland. Foar dit jier binne de ferwachtings foarsichtich posityf, al hawwe de hotels it dreech.
Dit peaskewykein melde de earste toeristen harren wer op de campings. Fanwege it kâlde winige en buiïge waar is der noch net in soad flecht op 'e koai en sil it rêstich bliuwe. Oer hiel ferline jier die de toeristyske sektor it goed, seit Marketing Friesland.