Plysje ferliest oansprekpunt

Foto: Omrop Fryslân
De plysje ferliest mei de sluting fan it buro yn Bûtenpost in wichtich oansprekpunt yn 'e Wâlden. Dat seit agint De Walle fan 'e plysje yn Noardeast-Fryslân. Mei oansprekpunt bedoelt er in plak dêr't de plysje praat mei fertochten, oanjouwers en tsjûgen.
Der komt in stipepunt foar yn it plak, mar de ûnderfinings dêrmei binne net altyd posityf, seit De Walle. Oare stipepunten wiene nei in jier wer ticht fanwege te min oanrin.