Fjild te wiet foar autocross

02 apr 2010 - 12:14

De autocross by Wolsum op peaskemoandei giet oer. Der stiet der te folle wetter op 'e baan. De race op it autosirkwy tusken Wommels en Blauhûs is fan âldsher de earste autocrosswedstriid fan it seizoen. Der waarden 150 dielnimmers ferwachte.

De organisaasje hat noch besocht mei grutte rydplaten parkearplakken te meitsjen. Mar dan bliuwt it dreech om by de baan te kommen. Boppedat is de baan sels fierste wiet. De wedstriid is no op 30 april.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)