Drachten: krantejonge bedrige

In 17-jierrige krantejonge út Drachten is tongersdeitemoarn yn syn wenplak bedrige troch in man mei in bivakmûtse op. Tsjin healwei sânen brocht de jonge syn lêste krante nei in wenning oan de Nova Cura.
Doe't er de krante troch de bus die, kaam der ynienen in man út de boskjes weisetten. De man hie in bivakmûtse op en swarte klean oan. De krantejonge skrok sa dat er begong te razen en útnaaide op 'e fyts.