Keatsbûn yn reade sifers

It keatsbûn KNKB hat it ôfrûne jier ôfsletten mei in tekoart fan 12-tûzen euro. It like der earst op dat it tekoart noch grutter wêze soe, mar der binne op tiid maatregels nommen. Sa is ûnder oare de bydrage foar leden ferhege. Ek is de besetting op it bûnsburo oanpast en is der better sjoen nei de aktiviteiten dy't hâlden binne.
De ferwachting is dat it keatsbûn dit jier wer yn de positive sifers útkomt.