Nominaasje Harrewijnpriis

Priis foar help by hiertaslach (foto: Omrop Fryslân)
Andries Kroes fan De Jouwer is nominearre foar de Ab Harrewijn Priis 2010 foar minsken dy't har ynsette foar earmeren. Syn Versusstichting hat de kânskaart ûntwikkele mei dêrop de rjochten fan minsken mei in minimumynkommen, lykas rjocht op bysûndere bystân en hiertaslach.
De kaart wurdt ferspraat yn parten fan Skarsterlân. Dêrnei gean frijwilligers by de doarren del om help te bieden. Op 13 maaie wurdt yn Den Haach bekend makke wa't de Harrewijnpriis wûn hat.