Schakel klear foar peaske

01 apr 2010 - 16:33

It tsjerkegebou fan mienskip De Schakel yn Drachten is wer klear. Op earste krystdei stoarte it dak yn troch it gewicht fan 'e snie. Der is foar 75.000 euro skea troch ûntstien. Sa'n 20 frijwilligers hawwe it dak fernijd. It plafond en de flier binne nij, der is in tuskenwand ynkaam en binnendoar is alles op 'e nij ferve.

De Schakel is krekt op tiid wer klear foar peaske. Moandei is der in tsjinst mei in sangkoar en in feestlik karakter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)