Eigen wettersuvering súksesfol

01 apr 2010 - 15:34

Hast alle huzen yn Achtkarspelen, dy't net op it rioel oansletten binne, hawwe in suveringsynstallaasje krigen. Binnen in jier tiid wurdt no op mear as 350 plakken ôffalwetter suvere foardat it yn it iepen wetter komt.

Oars bedarre yn it bûtengebiet ôffalwetter altyd yn 'e sleat. Nei ferwachting mei dat nei 2015 net mear. Bearputten foldogge dan ek net mear. Yn maaie ferline jier is út ein set mei de 'yndividuele behanneling ôffalwetter' (IBA).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)