Flylân noch net foksfrij

Foto: Kees Mostert
Steatsboskbehear hat it probleem mei de foksen op Flylân noch altiten net ûnder kontrôle. Noch net alle bisten binne fongen.
De foksen binne ferline jier troch ûnbekenden útset op it eilân. De bisten komme dêr fan natuere net foar. Se rjochten in slachting oan ûnder de fûgels. Sûnt dy tiid wurdt jacht makke op de bisten. Der binne wol guon fongen. Steatsboskbehear hat tastimming om strikken en klemmen te brûken by de jacht.