'Jild dykoanlis komt der'

It Ryk moat net besunigje op jild dat se it Noarden jûn hawwe foar de oanlis fan diken. Dat stiet yn it rapport dat ryksamtners makke hawwe om te sjen wêr't op besunige wurde kin. Neffens de ambtners is dat juridysk hast ûnmooglik.
Wol wurdt skreaun dat der fanút wolwêzensperspektyf frege wurde kin om besunigings. It jild komt út de kompensaasjeregeling foar it net trochgean fan it Suderseespoar.