Q-koarts yn Oerterp

01 apr 2010 - 13:47

By in geitehâlder yn Oerterp is de Q-koarts fêststeld. It giet om melkbedriuw oan De Feart mei 450 bisten. De Voedsel- en Warenautoriteit hat der in warskôgingsboerd delset. De drachtige geiten wurde allegearre romme. Neffens it ministearje bart dat op in dierfreonlike wize.

Minsken dy't yn in straal fan fiif kilometer fan 'e geitehâlder wenje, krije in brief mei ynformaasje oer de Q-koarts. It is de earste kear dat de sykte yn Fryslân opdûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)