SC Cambuur skerp foar MVV

01 apr 2010 - 12:25

Sportklup Cambuur sil gjin gas weromnimme yn de lêste wedstriden fan de kompetysje. Trainer Stanley Menzo seit dat er winne wol om sa heech mooglik te kommen.

De eufory nei de 8-1 winst moandei op FC Oss wie grut, mar neffens de trainer stean de spilers no wer mei beide fuotten op de grûn. MVV út is altyd lestich, mar Cambuur hat in fitte seleksje. Bob Schepers hat in hamstringblessuere, mar fierder binne de basisspilers fit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)