Stellen gsm giet flakby ôf

01 apr 2010 - 12:18

De plysje hat woansdei yn Drachten in man út Boarnburgum oanhâlden omdat er yn in kafee ien syn mobile tillefoan ûntstellen hie. De eigner moast eefkes nei it húske en doe't er weromkaam, miste er syn tillefoan. In maat fan him belle it nûmer fan 'e stellen tillefoan en dy gie flakby ôf, yn de broeksbûse fan 'e dief.

De fertochte hâlde fol dat er neat mei de stellerij te krijen hie. Dêrom moast er mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)